Stasjon Harns


Stasjon Harns
Stasjon efterside, perron

Stasjon Harns waard yn gebrûk nomd op 27 oktober 1863 mei de iepening fan it spoar HarnsLjouwert. Dit wie de twadde troch de Maatskippij ta Eksploitaasje fan Steatsspoarwegen (SS) yn gebrûik nommen spoar. Yn 1866 waard de line ferlinge nei Grins. Dit wie in diel fan de troch de Steat der Nederlannen oanleine Line B, fan Harns nei Nieuweschans (klear yn 1868).

It stasjon fan Harns is ien fan de Standertstasjons fan de Steatsspoarwegen, boud yn de jierren sechtisch fan de 19e ieu.

Fan de fjouwer noch besteande stasjons fan it Type SS tredde klasse steane trije oan it spoar Harlns – Nieuweschans, Dit betreft Harns (1863), Ljouwert (1863) en Winschoten (1865).

Yn tsjinstelleing mei it stasjon fan Ljouwert, dat letter yngreven ferboud waard, is it stasjon fan Harns noch foar it grutste part yn âlde steat. De boppeferdjipping is in wente, wylst de rest fan it gebou leech stiet.

Yn 1904 kaam der fan Harns út noch in twadde spoar yn noardlike rjochting ta stân. Dit waard it spoar fan de Noord-Friesche Locaalspoorweg-Maatschappij (NFLS), ek bekend ûnder de namme Dokkumer lokaaltsje, dy't oer Stiens ferbiningen fersoarge mei ûnder oare Dokkum en Ljouwert. De ferbining mei Harns waard yn 1938 opheft en opbrutsen.

Stasjon Harns wurdt tsjintwurdich (2008) betsjinne troch de stoptreinen fan Arriva (foarhinne NoordNed).

600 meter ten westen fan Stasjon Harns is it werklike begjin-/einpunt fan it spoar: Stasjon Harns Haven. Dizze halte bestiet út ien perron mei ien spoar wêr't de treinen stopje yn oansluting op de fearboaten nei Skylge en Flylân.

Ferbinings

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stationsweblink
  • H. Romers - De Spoorwegarchitectuur in Nederland, 1841-1938, Sutfen 1981
  • C. Douma - Stationsarchitectuur in Nederland, 1938-1998, Sutfen 1998

53° 10' NB, 5° 26' EL







stock | retire | vm
Why are we here?
All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License
This page is cache of Wikipedia. History