|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
|
|||||
| Offisjele taal | Spaansk | ||||
| Haadstêd | Meksiko-stêd | ||||
| Steatsfoarm | Republyk | ||||
| Gebiet % wetter |
1.972.550 km² 2,3% |
||||
| Ynwenners (2005) | 106.202.903 | ||||
| Munt | Meksikaanske peso (MXN) | ||||
| Tiidsône | UTC -6 oant -8 | ||||
| Nasjonale feestdei | 16 septimber | ||||
| Lânkoade | MEX | ||||
| Ynternet | .mx | ||||
| Tillefoan | 52 | ||||
Meksiko, offisjeel de Feriene Meksikaanske Steaten (Spaansk: Estados Unidos Mexicanos) is in lân yn Noard-Amearika.
Ynhâld |
Meksiko wurdt begrinzge troch:
Der hearre ek wat eilannen by Meksiko.
Meksiko leit yn it suden fan Noard-Amearika en it suden wurdt betiden ta Sintraal-Amearika rekkene. It lân strekt him mear as trijetûzen kilometer fan it noardwesten oant it súdwesten út. Yn it noarden is Meksiko twatûzen kilometer breed, op syn smelst (Lâningte fan Tehuantepek) is dat likernôch 220 kilometer. Meksio leit tusken de Grutte Oseaan oan de iene kant en de Golf fan Meksiko en Karibyske See oan de oare kant. Meksiko hat twa opfallende skiereilannen: Yucatán en Neder-Kalifornje. Eilannen by't by Meksiko heare binne Guadalûp en de Revillagigedo-eilannen yn de Grutte Oseaan en Kozumel yn de Karibyske See.
Utsein Yucatán is Meksiko in bercheftich lân, mei as wichtichste massyf it út trije parten besteande Sierra Madre, dy't as in part fan de Rocky Mountains beskôge wurde kin. Yn it midden fan Meksiko lizze in oantal fulkanen, dêr't de Popokatépetl de bekendste fan is. It heechste punt is de Pico de Orizaba (5650m), dat ek in fulkaan is. De grutste rivieren binne de Río Bravo (yn de Feriene Steaten bekend as Rio Grande), de Lerma, de Balsas, de Pánuco, de Usumasinta en de Yaqui.
It klimaat fan Meksiko rint útien fan woastynklimaat yn it noarden oant tropysk reinwâldklimaat yn it suden en berchklimaat yn de midden.
stock | retire | vm
Why are we here?
All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License
This page is cache of Wikipedia. History