In autodyk is in dyk foar lange ôfstannen, dy't meast foar snelferkear ornearre is. Der binne twa rydrjochtingen yn tsjinoerstelde rjochtingen, en der binne gjin krusings. In autodyk hat om syn minst twa banen yn beide rjochting, dy't fan inoar skieden wurde troch linen. Men kin oer de ôf- of opreed fan of op de autodyk komme. Om gau op in oare autodyk te kommen binne der ferkearsieren. In autodyk kin oer brêgen en troch tunnels boud wurde. Op de autodyk meist net stilstean of parkeare, dêrfoar binne de tankstasjons en parkearplakken njonken de autodyk, dy't by de autodyk hearre.
Ynhâld |
Net alle lannen brûke in autodyksymboal. Der binne hjoed de dei ek ferskillen tusken autodyk, dyk en strjitten dy't bytiden wol wat fan in autodyk hawwe. Omdat de diken yn gâns lannen oars kategorisearre wurde is der net ien boerd dat op de hiele wrâld brûkt wurde kin.
Yn de measte lannen hawwe de autodykbuorden in blauwe of griene eftergrûn.
|
|
*) Buorden, dy't inkeld nei de autodyk ferwize, binne dochs grien.
|
|
| Lân | Maksimum faasje (km/h) (2003) |
|---|---|
| Belgje | 120 |
| Denemark | 130 |
| Dútslân | gjin maksimum - oanrikammondearre faasje = 130 |
| Eastenryk | 130 |
| Finlân | 120 |
| FSA | 105/112/121/129 leit oan hokker steat it is |
| Frankryk | 130 |
| Grut-Brittanje | 112 |
| Hongarije | 130 |
| Ierlân | 120 |
| Japan | 100 |
| Nederlân | 120 |
| Portugal | 120 |
| Sloveenje | 130 |
| Sweden | 110 120 op de E6 |
| Switserlân | 120 |
| Tsjechje | 130 |
stock | retire | vm
Why are we here?
All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License
This page is cache of Wikipedia. History