Arriva


Arriva
Line 51

Arriva (folút: Arriva Personenvervoer Nederland B.V.) is in ferfierbedriuw mei de haadfêstiging yn Sunderland (Arriva PLC) te Ingelân. Arriva kaam yn 1998 yn Nedederlân doe't it de aktiviteiten fan VANCOM oernaam: GVB ('Groninger Vervoerbedrijf') en VANCOM Súd Limburch. Itselde jier waard ek de Hanze Groep opkoft, wêrtroch Arriva de busferfierder fan Fryslân, Grinslân en Drinte waard.

Fia NoardNed fersoargje sy sûnt 1999 yn gearwurking mei de NS ek in part fan it treinferfier yn Noard-Nederlân, en busferfier yn súdwest Fryslân. De namme NoardNed is letter ferfallen en tsjintwurdich ride de treinen ûnder de namme fan Arriva. De treinstellen hawwe de nammen krigen fan bekende Friezen. Fierders is der ek in taksybedriuw.

Yn 2003 binne de aktiviteiten fan Arriva-Limburch oernaam troch Connex dy't der de namme Limex oan jûn hat. Yn 2008 rekke Arriva by de oanbesteding fan it busferfier yn Súdeast-Fryslân in part fan har rygebiet kwyt. Fan 14 desimber 2008 ôf is Qbuzz de nije busferfierder yn it gebiet.

Nammen fan de treinstellen

De 43 treinstellen fan Arriva hawwe allegearre in namme krigen fan in persoan dy't ferbûn is mei it Noarden. De nammen binne:







stock | retire | vm
Why are we here?
All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License
This page is cache of Wikipedia. History