30 jannewaris
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier
23 - 24 - 25 - 26 - 27 - 28 - 29 - 30 jannewaris - 31 - 1 - 2 - 3 - 4 - 5 - 6
30 jannewaris is de 30e dei fan it jier.
Der folgje noch 335 dagen (yn in skrikkeljier noch 336).
Foarfallen
- 1465 - Karel VIII fan Sweden wurdt ôfsetten. Geastlike Kettil Karlsson Vasa wurdt regint fan Sweden.
- 1648 - De Frede fan Münster wurdt tekene, wêrtroch't in ein komt oan de Tachtichjierrige Oarloch].
- 1661 - Yn Ingelân wurdt it lyk fan Oliver Cromwell en inkele hege meistanners út de grêfkelder yn Westminster Abbey helle, troch de strjitten sleept, ophong en ûnthalze. De hollen wurde op peallen stutsen wylst de oare resten efterlitten wurde op in dongbult. Dit bart op de dei dat, tolve jiet ferlyn, kening Karel I ûnthalze waard.
- 1820 - Edward Bransfield ûntdekt Antarktika.
- 1933 - Adolf Hitler wurdt kanselier fan Dútslân.
- 1940 - 6e alvestêdetocht wûn troch P. Keizer, A. Adema, C. Jongert, D. van der Duim en S. Westra yn in tiid fan 11.30 oere
- 1969 - It lêste publike konsert fan The Beatles op it dak fan it Apple Records gebou. It impromptu konsert wurdt troch de plysje ôfbrutsen.
- 2007 - Microsoft bringt Windows Vista út.
Berne
- 1563 - Franciscus Gomarus, Nederlânsk heechlearaar yn de teology oan de universiteit fan Leien en foaroanrman fan de kontra-remonstranten
- 1720 - Charles De Geer, Sweedske yndystrialist en entomolooch ( †1778)
- 1845 - Bernard Blommers, Nederlânsk skilder en etser († 1914)
- 1882 - Franklin Delano Roosevelt, 32e presidint fan de Feriene Steaten († 1945)
- 1927 - Olof Palme, premier fan Sweden († 1986)
- 1938 - Marcel van Dam, Nederlands politikus, kollumnist en VARA-foarsitter
- 1970 - Hans Vonk, Súd-Afrikaansk-Nederlânsk fuotbalkeeper
- 1981 - Afonso Alves, Brazyljaansk fuotballer
Ferstoarn
- 1384 - Loadewyk II fan Male, Greve fan Flaanderen, Nevers en Rethel.
- 1649 - Karel I fan Ingelân, kening fan Ingelân ûnthalze
- 1948 - Mahatma Ghandi, pasifistyske opstanneling yn Yndia, wurdt fermoarde yn New Delhi (* 1869).
- 1951 - Ferdinand Porsche, Eastenryks automakker (* 1875).
- 1994 - Jan Schaefer, Nederlânsk PvdA-politikus
23 - 24 - 25 - 26 - 27 - 28 - 29 - 30 jannewaris - 31 - 1 - 2 - 3 - 4 - 5 - 6
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier
stock | retire | vm
Why are we here?
All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License
This page is cache of Wikipedia. History